Gjin Merkepartij mear….?
Tiden hawwe tiden, mar om no samar mei in tradysje fan jierren op te hâlden dat kin dochs net? Wat is it gefal: alle jierren op de 1e klas heren partij op merkesnein komme der minder keatsers, ôfrûne jier diene der mar 15 partuur mei. De Kening fan dy dei woe de Keningsbeker net iens mear mei hawwe, hat gjin wearde mear! En wat moatte jo dan as bestjoer fan in feriening dy’t it keatsen sa’n waarm hert tadraacht? We ha petearen mei ferskate minsken hân oer de takomst, we sille it dit jier noch ien kear op de “tradysje” wize besykje, mar we wolle fan 2016 ôf wol wat oars op merkesnein: in echte Doarpspartij, mei sachte en hurde bal, op tiid keatse, om 3 oere mei syn allen nei de feesttinte, dêr de priisútrikking en fan de neisit genietsje. Want keatsen mei moai wêze om nei te sjen, it is noch folle moaier om mei inoar op it fjild te sporten en mei noflike neisit de dei ôf te sluten. Tips en opmerkingen hjiroer graach nei it bestjoer.
In nije Gemeente betsjut ek in nije Sport Akkomodaasje Nota, want amtners wolle graach de saken op papier goed regele hawwe. It leafst net te aparte saken fanút de ferieningen en dan de hanteken fan de wethâlder derûnder en klear bin se wer. Allinnich dat pakt foar Wergea net al te bêst út, de mooglike hierprizen foar it fjild gebrûk geane foar us mei sa’n 100% omheech, de gymseal hier mei sa’n 50%. No’t de Sportstichting dit jier ophâldt te bestean sille we as ferieningen sels mei de Gemeente yn de slach moatte. Der is al oerlis mei oare doarpen út it eardere Boarnsterhim en mei de polityk, mar it kostet allegearre wer in soad tiid en argewaasje.
Sa as sein hâld Sportstichting Wergea der mei op, it is net oars. Wat bliuwe sil is de gearwurking tusken de fuotbalklup en keatsferiening wat de reklame buorden oanbelanget. De opbringsten binne noch mear nedich om de hier fan de fjilden betelje te kinnen. Ek binne we mei inoar noch yn petear om yn elk gefal in part fan de omset te brûken foar it stypjen fan de “Breedtesport” yn Wergea.
Is it allegearre dan min nijs? Nee, natuerlik net. It keatsen is in prachtige hobby/sport. Ek dit jier sille der wer in soad bern op fjild traine en ledepartijen keatse, mei in soad prizen en krânsen en foaral mei in soad wille. Der soene wol wat mear bern nei de federaasje partijen kinne, dêr wurdt hartstikke leuk keatst en it is ek wolris fijn om mei oare bern op je eigen nivo te keatsen. Dus heiten en memmen doch ek even mei en stypje jimme bern hjiryn.
De âldere keatsers kinne wer op de tiisdei jûn yn kompetysje ferbân los. Mei fierder de Bekerpartij en de Doarpspartij natuerlik.
Fierder bin ik bliid dat der in nij bestjoerslid is, Daniël van Dalen sil ús klup fersterke. En wat noch moaier is, de foarsitter hat no nei jierren ek werris in manlike kollega.
As elkenien ek dit jier wer mei helpe wol as fjildlizzer, krânsemakster, kantinehulp, skiedsrjochter, trainer, karmaster, sponsor, kofjesutelder, sopsiedster, broadsjesmartster, bestjoerslid, publyk en wat al net mear dan ha we mei syn allen wer in noflik keatsjier.
Frans Slaterus
Foarsitter KV ’t Oosten – Wergea
April 2015