Fan de foarsitter 2019

De foarsitter hâldt der mei op:
“3 kaatseballen in een net”

Dy tekst út it Sinteklaas ferske fan mear as hûndert jier lyn jout oan dat it keatsen mei ballen al hiel lang dien wurdt. Mar ik sjoch gjin bern mear heine baljen, net op it skoalplein en ek hieltyd minder op it keatsfjild. De jongerein fan sa’n 15 jier ferlyn kamen al net mear in soad op it sportfjild, no sjogge we dat harren eigen bern ek net mear entûsjast makke wurde foar it keatsen. It aktyf keatsen giet hurd efterút yn Wergea en Fryslân.

Wergea bestiet yn 2022 600 jier en KV ‘t Oosten is dan 120 jier âld. Mar is de keats feriening der dan noch wol? Minder keatsers betsjut minder frijwilligers.

Is dit dan it ein fan de keats sport yn Wergea? Nee natuerlik net, mar der moat wol wat barre. We sille mei inoar ôfspraken meitsje moatte sadat we wer foarút sjen kinne.

Want we ha in geweldige Merkepartij mei in hiel soad dielname, by de jeugd partijen en trainingen is der in soad wille. Dit jier hat der ek wer skoallekeatsen west op de Twamester by de gymlessen fan groepen 3, 4 en 5 en dan komme der wer nije bern op it fjild dy’t keatse wolle. De gearwurking mei VV Warga en de Teatskommisje is poerbêst. En de KNKB hat tasein dat de breedtesport foar de kommende tiid in spearpunt wêze sil. Dat is heechnedich ek, want de top fan it keatsen wurdt hieltyd lytser, ek de bern en senioaren dy foar de wille keatsen wolle moatte in plakje ha by de KNKB. Ik hoopje wol dat de KNKB no ris echt trochpakt, want by it haadklasse keatsen komme minder taskôgers en dielnimmers en it oantal leden fan it bûn giet hurd efterút.

KV ‘t Oosten is net de iennige (sport) feriening dy’t it bestjoerlik dreech hat, we sille ynkoarten by inoar komme om te sjen of mear gearwurking, mooglik yn de foarm fan in omni feriening, ús as doarp Wergea helpe kin. BV Sport en ús eigen Perspektyf groep ha al tasein om ús te stypjen.

Dit jier binne der trije fan de fjouwer bestjoersleden stopt, Lieuwkje Anema sûnt 2015 yn it bestjoer en hat it wedstriid sekretariaat dien. Imkje Zwart sûnt 2016 as ponghâldster. En ik sels sûnt 2003 as foarsitter fan dizze moaie klup.

Adri Mud giet wol troch en lokkich hat Marieke de Ruiter yntusken de finansjes fan Imkje oernaam. Mar twa bestjoersleden is eins te min.

Der fan útgeande dat we as doarp Wergea pal stean foar de takomst fan KV ‘t Oosten, sis ik jimme allegearre tank foar 16 prachtige jierren op it keatsfjild en by it neisitten yn de kantine.

Frans Slaterus
Eks-Foarsitter KV ’t Oosten
Wergea
April 2019

P.S: dit jier ha we gjin programmaboekje mar stiet it komplete programma yn De Havensbank. Lokkich wer in soad sponsors foar de wedstriden, mar gjin adfertinsjes yn de boekjes. Hjirby noch hartstikke betanke oan elkenien dy’t de keatsferiening stipet as stipe hat.

Fan de foarsitter 2018

Perspectief Wergea, perspectief KV ‘t Oosten

Hat it ferieningslibben yn Wergea noch “perspectief”? Dat wie it motto fan de grutte byienkomst yn it, lokkich wer iepene, kafé yn maart. Wat is de takomst en de krêft fan De Mienskip. It liket wol of alle ferieningen yn in drege tiid sitte mei minder leden, frijwilligers en bestjoersleden. Sa ek de keatsferiening. It oantal jeugdleden is yn in pear jier tiid hurd nei beneden gongen. En as je minder (jeugd-)leden hawwe, dan ha je ek minder frijwilligers. En dêr moatte we hiel bot oan wenne.

Op de Pleatslik Belang byienkomst wie der in soad omtinken foar it dreger finen fan minsken dy’t wat dwaan wolle/kinne foar it doarp. Mar it waard ek dúdlik dat je net hingjen bliuwe moatte yn hoe it eartiids allegear (better) wie. Dat hat west en wij libje no. Dus aktiviteiten ûntwikkeljen bliuwe mei de minsken dy’t der wol binne en somtiden mar akseptearje dat as it net mear rint, je der mei ophâlde moatte.

Hâld de keatserij dan ek op yn Wergea? Op koarte termyn seker net, mar we moatte ús wol oanpasse. We sille mei skoalle prate oer mooglike gearwurking yn de gymlessen, minder partijen organisearje, bij de trainingen fan de bern moat de wille foarop stean ek foar de trainers, gearwurking sykje by omlizzende keats ferieningen. En soe in Omniferiening foar de sport in opsje wêze kinne?

Ek dit jier keatse we gewoan wer.

We 4 ha jeugd ledepartijen, mei de stipe fan Boubedriuw Hartmans-Kooistra, Astrid Sportprijzen, Profab Montaazje/Timmerbedriuw en Loek’s Schilderbedriuw. Fierdere partij sponsoren binne Axtra Voorzetapparatuur, Veenstra Rijdende Winkels, Teije de Boer Lekkerste Ambachtelijke Bakker, Slagerij Harmke Anema en ús haadsponsor Vakgarage vd Zweep. Wy binne tige wiis mei dizze stipers en de advertearders yn ús programma boekje. Jimme dochs ek!

Ek wer twa KNKB partijen yn 2018: sneon 9 juny de Welpen Jongens en snein 2 septimber de Haadklasse dames.

It bestjoer fan KV ‘t Oosten bestiet dit jier út 3 froulju en 1 man. It is krap, mar sa as earder sein: wij geane derfoar.

Wij ha der dit jier wer nocht yn, jimme komme dochs ek.

Frans Slaterus
Foarsitter KV ’t Oosten
Wergea
April 2018

Fan de foarsitter 2017

115 jier jong en de NK foar Jongens

Op sneon 22 maart 1902 is de keatsferiening Het Oosten oprjochte yn de boppeseal fan it kafee, mei 81 leden. No binne we 115 jier fierder en we ha sa’n 115 leden.
Dit jier ha we it “Nederlands Kampioenschap Jongens afdeling”, it NK, mar eartiids seine we de bûnspartij. De Freule fan Wommels is de wichtichste partij foar dizze leeftiids kategory (14-16 jier), mar dernei komt it NK. Dit meie jimme net misse, sa’n 40 ôfdielingen dy’t stride foar it earste plakje en de krâns.

Dit jier dus net in KNKB partij mei de welpen, mar wol de Haadklasse Dames lykas as ôfrûne jier. En wat wie dat in hartstikke leuke partij, de froulju lieten har fan de goeie kant sjen en wat waard der betiden machtich keatst. In pracht dei, allinnich mocht it gers wol wat koarter. Dit jier de MolleMud mar ynskeakelje om te meanen.

Wat yn 2016 ek foar it earst wie en in geweldich sukses: De Merkepartij, pearke keatse mei de sachte bal. Wat in boppeslach, 62 partoer en 8 priiswinners. De priisútrikking yn de feesttinte, wat wolle jo noch mear. De kommisje fan foarich jier wol it wol wer organisearje (geweldich dochs?) en mei de stipe fan de Merkekommisje komt dat wol goed. Op nei de 80 partoer snein 23 july?

Dit jier ha we 5 jeugd ledepartijen, mei de stipe fan Boubedriuw Hartmans-Kooistra, Astrid Sportprijzen, Profab Montaazje en Timmerbedriuw, Anema Salaris&Advies en Loek’s Schilderbedriuw. Fierdere partij sponsoren binne Axtra Voorzetapparatuur, Veenstra Rijdende Winkels, Teije de Boer Lekkerste Ambachtelijke Bakker, Slagerij Harmke Anema, Eten&Drinken Trije Hûs en ús haadsponsor Vakgarage vd Zweep. Wy binne tige wiis mei dizze stipers en de advertearders yn ús programma boekje. Jimme dochs ek!

Yn it bestjoer fan KV ‘t Oosten dit jier in soad wikselingen, Albertha Hotsma, Ciska Braams en Wietske Velde sille derút. Nei de oprop foarich jier foar nije bestjoersleden ha we lokkich twa minsken fûn dy’t oandoare mei ús fierder te gean, Adri Mud (sekretariaat) en Imkje Zwart (ponghâldster). It bestjoer bestiet no út 5 minsken, dat is oan de krappe kant, mar we geane derfoar. We binne dan ek tige bliid dat Jolanda Lont har oanbean hat foar de leden administraasje. As der noch mear minsken binne dy’t helpe wolle, mar net yn it bestjoer, der is genôch te dwaan, dat meld jimme oan!

Wij ha der dit jier wer nocht yn, jimme komme dochs ek. En lit de Merkepartij in noch grutter feest wurde, sadat we mei inoar fan dizze nije tradysje genietsje kinne.

Frans Slaterus
Foarsitter KV ’t Oosten
Wergea
Maart 2017

Fan de foarsitter 2016

Jaseker is der wer in Merkepartij!

En dan in echt keatsfestijn foar it hiele doarp op merke snein. Pearke keatse mei de sachte bal, elkenien fan 14 jier en âlder kin meidwaan. En meidwaan is belangriker as winne, de wille stiet foarop. Nei ôfrin mei syn allen nei de feesttinte en dêr ek de priisútrikking. We ha der no al nocht oan en mei de stipe dy’t wij ha fan in ploechje entûsjastelingen en de Merke Kommisje komt it wol goed.

It betsjut wol dat de Wouter T. Zwart Wisselbeker foar de kening fan de Heren 2e Klas en letter 1e Klas net mear útrikt wurde sil. Wouter T. Zwart wie de Beschermheer fan KV ‘t Oosten fan 1962 oant syn ferstjerren yn 1983. Neffens Zwart wie it beskermjen net nedich omdat “eltse Wergeaster himsels skoan beskermje kin”. Mar wol in wikselbeker mei in lange histoarje, dy’t nammen draacht lykas as Pyt Jetse Faber, Sake Saakstra, Tunno Schurer, Johannes Dijkstra en noch folle mear. En de lêste hat Erwin Zijlstra west.

De top fan it Fryske froulju’s keatsen komt dit jier wol nei Wergea, de KNKB Hoofdklasse Dames Vf mei 8 partoer. In grutte kâns dat ús Wergeaster Geke de Boer dêr ek bij is, kom mar sjen op snein 14 augustus. En ek de KNKB Welpen partij Jongens en Famkes is wer op de fjilden bij ús op snein 19 juny, dat moatte jimme echt meimeitsje, jeugd fan 8-9 jier dy’t de bal oer alles hinne fege. In pracht om te sjen.

De KNKB as organisaasje hat it dreech, is keatsen in topsport of mear in breedtesport? Oan de iene kant regels stelle foar wanten, wol as net skeef opslaan, marketing en reklame rigels, krekt echt. Oan de oare kant in soad jeugd en âlderen dy’t in moaie dei op it fjild ha wolle, net mear en net minder. Dus mei de sachte bal, in kippetjes partij mei mear as 200! partoeren, teatsen, muorrekeatsen en gean sa mar troch. It bestjoer fan de KNKB is yn elts gefal goed dwaande, de finânsjes binne op oarder, it bûnsburo is werom yn Frentsjer en der is in soad oerlis mei de keatsferieningen. It keats magazine Wis-In wurdt upgraden nei Keats!, alle leden krije it earste nûmer. Oh ja, Cornelis Terpstra mei syn wanten meitsje en ik ha heard dat er dochs wer keatse sil??

Yn Wergea giet de gearwurking mei VV Warga en de Teatsstichting poerbêst. Wol sille we mear oerlis ha moatte oer de takomst wat ynset fan al ús frijwilligers oanbelanget. It is dreech om bestjoers krêften te finen, mar folle wichtiger is it, dat je as feriening genôch stipe ha fan je frijwilligers. Fan âlders fan bern dy’t sporte mei best wol mear frege wurde om te helpen en it is ek noch hartstikke gesellich. Want sport is net allinnich prestaasje, it is ek ús mienskip. Yn Deinum ha se in Omni feriening starten mei keatsen, fuotbal, volleybal, gymnastyk en noch mear. 400 leden en ien bestjoer ûnder ien namme. Kin it dan dochs?

Yn it bestjoer fan KV ‘t Oosten dit jier ek wer in wikseling, Sjoukje Annema-Sinnema hâldt nei 14 jier op. Derfoar hat sij ek noch 10 jier yn it jeugd bestjoer sitten. Foar de feriening in grutte “aderlating” want Sjoukje is goed op de hichte mei it organisearjen fan meinammen alle jeugd partijen. Grut is ús tank hjirfoar en lokkich sille we har net hielendal misse, se bliuwt trainingen foar de jongerein fersoargjen. Foar Sjoukje yn it plak komt Lieuwkje Anema, sij komt út in foarneamd keats laach yn Reduzum, dus dat komt wol goed.
Wij ha der wer nocht yn, jimme komme dochs ek. En lit de Merkepartij in grut feest wurde sadat we fan in nije tradysje genietsje kinne.

Frans Slaterus
Foarsitter KV ’t Oosten – Wergea
Maart 2016

Gezocht!

Het huidige bestuur van KV het Oosten bestaat momenteel uit 5 personen. Om alle taken uit te voeren die horen bij het “organiseren” van het kaatsseizoen, hebben we versterking nodig. We merken dat het erg moeilijk is om deze versterking te vinden. En daarom deze oproep via facebook.. Wanneer we met slechts 5 personen blijven kunnen we misschien niet meer alles uitvoeren wat we wel zouden willen. We hopen dat we n.a.v deze oproep een aantal mensen bereid vinden om ons te helpen. Kaatsers, ouders, pakes/beppes of andere enthousiastelingen, we hebben jullie hulp nodig!
Reageren graag via de mail: info@kvhetoosten.nl

Fan de foarsitter 2015

Gjin Merkepartij mear….?

Tiden hawwe tiden, mar om no samar mei in tradysje fan jierren op te hâlden dat kin dochs net? Wat is it gefal: alle jierren op de 1e klas heren partij op merkesnein komme der minder keatsers, ôfrûne jier diene der mar 15 partuur mei. De Kening fan dy dei woe de Keningsbeker net iens mear mei hawwe, hat gjin wearde mear! En wat moatte jo dan as bestjoer fan in feriening dy’t it keatsen sa’n waarm hert tadraacht? We ha petearen mei ferskate minsken hân oer de takomst, we sille it dit jier noch ien kear op de “tradysje” wize besykje, mar we wolle fan 2016 ôf wol wat oars op merkesnein: in echte Doarpspartij, mei sachte en hurde bal, op tiid keatse, om 3 oere mei syn allen nei de feesttinte, dêr de priisútrikking en fan de neisit genietsje. Want keatsen mei moai wêze om nei te sjen, it is noch folle moaier om mei inoar op it fjild te sporten en mei noflike neisit de dei ôf te sluten. Tips en opmerkingen hjiroer graach nei it bestjoer.

In nije Gemeente betsjut ek in nije Sport Akkomodaasje Nota, want amtners wolle graach de saken op papier goed regele hawwe. It leafst net te aparte saken fanút de ferieningen en dan de hanteken fan de wethâlder derûnder en klear bin se wer. Allinnich dat pakt foar Wergea net al te bêst út, de mooglike hierprizen foar it fjild gebrûk geane foar us mei sa’n 100% omheech, de gymseal hier mei sa’n 50%. No’t de Sportstichting dit jier ophâldt te bestean sille we as ferieningen sels mei de Gemeente yn de slach moatte. Der is al oerlis mei oare doarpen út it eardere Boarnsterhim en mei de polityk, mar it kostet allegearre wer in soad tiid en argewaasje.
Sa as sein hâld Sportstichting Wergea der mei op, it is net oars. Wat bliuwe sil is de gearwurking tusken de fuotbalklup en keatsferiening wat de reklame buorden oanbelanget. De opbringsten binne noch mear nedich om de hier fan de fjilden betelje te kinnen. Ek binne we mei inoar noch yn petear om yn elk gefal in part fan de omset te brûken foar it stypjen fan de “Breedtesport” yn Wergea.

Is it allegearre dan min nijs? Nee, natuerlik net. It keatsen is in prachtige hobby/sport. Ek dit jier sille der wer in soad bern op fjild traine en ledepartijen keatse, mei in soad prizen en krânsen en foaral mei in soad wille. Der soene wol wat mear bern nei de federaasje partijen kinne, dêr wurdt hartstikke leuk keatst en it is ek wolris fijn om mei oare bern op je eigen nivo te keatsen. Dus heiten en memmen doch ek even mei en stypje jimme bern hjiryn.
De âldere keatsers kinne wer op de tiisdei jûn yn kompetysje ferbân los. Mei fierder de Bekerpartij en de Doarpspartij natuerlik.
Fierder bin ik bliid dat der in nij bestjoerslid is, Daniël van Dalen sil ús klup fersterke. En wat noch moaier is, de foarsitter hat no nei jierren ek werris in manlike kollega.
As elkenien ek dit jier wer mei helpe wol as fjildlizzer, krânsemakster, kantinehulp, skiedsrjochter, trainer, karmaster, sponsor, kofjesutelder, sopsiedster, broadsjesmartster, bestjoerslid, publyk en wat al net mear dan ha we mei syn allen wer in noflik keatsjier.

Frans Slaterus
Foarsitter KV ’t Oosten – Wergea
April 2015

Fan de foarsitter 2014

En no dus bij Ljouwert..

Dit jier sil dúdlik wurde oft der in ferskil tusken it belied fan Boarnsterhim en Ljouwert op it mêd fan de sport is. We ha al besite hân fan de minsken fan Ljouwert: de gemeente amtners en de mannen van BV Sport. Jaseker, Ljouwert hat in echte BV optúgt om de sport akkomodaasjes fan de gemeente te behearen en te ferhieren. It earste kontakt wie wat ûnwennich, fanút Boarnsterhim wie der net safolle mear te ferwachtsjen, dat we diene alles safolle mooglik sels mar. Mar yn Ljouwert binne dat net sa went, de gemeente (en dus BV Sport) dogge folle mear en beheare bijgelyks ek de kleidhokken ensfh. De kosten foar de sport ferienings binne dan ek heger dan we went binne.
Ek kinne se yn Ljouwert net soksawat as in Sportstichting, sa as wij yn Wergea (en Boarnsterhim) hawwe. Mei de Sportstichting fan Wergea wurdt no ek praten oer de takomst fan dizze unike klup. De Sportstichting is ûntstien troch it gearwurkjen fan alle Wergeaster sportferienings om it algemiene belang van de sport yn Wergea te behertigjen. It moaiste wat dizze klup berikt hat is dat de opbringst fan de reklame boerden om it sportfjild hinne troch dyselde Sportstichting ynkasseard waard en ferdield oer alle sportferienings fan Wergea. Letter wie der te min animo fanút de ferskate ferienings om bestjoersleden oan te wizen, doe is it in aparte stichting mei statuten wurden, mar noch wol mei it doel om de “Breedtesport” yn Wergea te stimulearjen. Op dit stuit wurde de reklameboerden beheard troch de fuotbalferiening en keatsferiening tegearre, en in bepaald bedrach giet jierliks yn de pot fan de Sportstichting.
No’t de Sportstichting as gesprekspartner foar de Gemeente gjin doel mear hat, is it noch mar de fraach of de Sportstichting noch besteans rjocht hat. Mij liket dat we yn Wergea, as doarp en as sportferienings, net apart mar mei mekoar wurkje moatte. Der leit no in fersyk bij Pleatslik Belang om mei te tinken hjiroer, in mooglikheid soe wêze kinne om as kommisje fan PB te wurkjen. Mar yn de lange termyn fysje fan PB is ek praten oer in mooglike Omni-feriening: ien bestjoer dat opkomt foar meardere sporten, je hoeche mar ien kear sponsoring binnen te heljen, mar ien kear lede administraasje te dwaan en je binne in wichtige gesprekspartner nei de Gemeente ta. Wa wit, we sille it sjen.
En dan it keatsen sels: KV ’t Oosten hat dit jier wer in soad keats partijen yn de planning en ek ús sponsors binne hast allegearre wer ree om harren bijdrage te dwaan. Us ôfdielings partoeren bij de federaasje en de KNKB sille dit jier yn de nije shirts fan café-restaurant Trije Hûs fan René Vaartjes keatse.
De seleksje training bij Kv ’t Oosten sil fan dit jier ôf oars regele wêze, we ha in gearwurking socht mei de keatsskoalle Mid-Fryslân fan Gerrit Groen en Anno Wijtsma. Twa jûnen yn de wike sil op de fjilden fan Wergea de takomst fan it keatsen yn Fryslân klearmakke wurde en ús bern sitte derbij.
Twa minsken út it bestjoer hâlde der dit jier mei op, Sietie Sinnema en Frieda Huizenga. Beide froulju betanke foar jimme ynset en we sjogge mekoar noch faak genoch op it fjild tink ik. We ha noch gjin nije leden derbij fûn, dat de foarsitter sil it ek dit jier dwaan moatte mei syn, no wat lytsere, “harem”.
De yngong bij it sportfjild hat nei 10 jier wachtsjen einliks it nije stek sa as we dat graach woenen. It is noch in soarte fan ôfskieds cadeau fan de Gemeente Boarnsterhim. No moatte we mei mekoar it noch fierder opknappe en ek de sponsorboerden kommisje kin noch help brûke. Dus: meld jimme oan foar help.

Frans Slaterus
Foarsitter KV ’t Oosten – Wergea
April 2014

Fan de foarsitter 2010

Oerlibbet it keatsen de krisis?

As je allinnich de sinten sjogge, dan docht KV ’t Oosten it net sa min, we ha in aardich potsje opbout en dat sille we dit jier foar in part brûke foar nije telegrafen, nije krammen, nije ballen en ek sille we wol wat kosten hawwe oan it nije keatshok. Ek ha we wer in soad sponsors en advertearders foar ús partijen, ferlottingen en programma boekjes. De peaske-aaikes binne ek goed ferkocht, dat mei de sinten sit it no earst wol goed.

Dat kinne we net fan de KNKB sizze, dêr is ferline jier mei ferlies draait. As keats leafhawwer giet dat wol oan jo hert, want de KNKB is net in oare klup, dat is fan ús allegearre. Lokkich sitte der minsken yn it bestjoer en bij de direksje dy’t foar de folle 100% der mei dwaande binne om dat ferlies wer te feroarjen yn in stabile sûne finansjele situaasje. It kantoar ferhuzet nei It Fean ta, tsjinoer it Abe Lenstra stadion en der sil hiel bot gear wurke wurde mei de KNVB, persoanlik sjoch ik dit as in goed beslút want in grutte en sterke sportbûn helpt no de lytsere, sadat we wat romte krije yn de keatsorganisaasje om ek wer ris nei te tinken oer it keatsen sels.

De keatssport sit sa wie sa op in krúspunt fan mooglikheden: der komme noch hieltyd profesjonele teams bij, ús eigen Geke sit bygelyks bij Stichting Score yn trening, de spulregels wurde hieltyd noch oanpast sadat it keatsen in libbene sport bliuwt en der wurdt neitocht hoe no mear publyk bij it keatsen te krijen.

Jawis, it keatsen sit fol mei tradysje, mar alles hâlde sa as it wie is gjin opsje, want bij de senioaren komme steeds minder keatsers, wij moatte it fan de jeugd hawwe en der foar soarchje dat se nei harren 12e dizze sport noch beöefenje wolle. Dus oan de iene kant ynsette op spannende wedstriden yn de haadklassen bij de manlju en de froulju en derneist de jeugd safolle mooglik temjitte komme yn harren winsken troch bygelyks wat minder wedstriden yn it jier te dwaan.

Fierders soe ik graach it Federaasje systeem oer de kop helje wolle, dit is ferâldere organisaasje, yn elts gefal foar de federaasje wêr’t Wergea bij heart. It bestjoer derfan docht ferskuorrende har bêst om wedstriden te organisearjen, mar de senioaren-, de seal-, en betiden ek de ôfdielings partijen wurde net mear dien. Wergea moat dit jier in bestjoerslid oanleverje, mar nei in hiel soad minsken frege te hawwen, is der net ien dy’t dit noch dwaan wol. Ek binne der oare ferienings dy’t it organisearjen fan de partijen dreech fine. Wylst de jeugd dy’t meidocht oan de partijen der in hiele protte fan leart en ek in soad wille hat. Nee, wat mij oanbelanget sa gau as mooglik alles ûnderbringe bij de KNKB en dan kin je keatse op regio nivo (sa de federaasje no) en op provinsje nivo. En sa krij je ek bettere trochstreaming fan ûnder nei boppe ta en it keatsen krijt wer in profesjonelere oanpak.

Yn Wergea dit jier 5 jeugdleden partijen, 13 x de senioaren kompetysje op de tiisdei, de bekerpartij en de Doarpspartij foar senioaren, 1 x federaasje partij foar de jeugd, 4 x KNKB welpen partij (op ien dei!) en de Heren Senioren Vrije Formatie partij (De Merkepartij) op 1 augustus (dus foar de PC út dit jier). Fierders natuerlik foar de jeugd de trainingen, de clinic, it diplomakeatsen en de Ouder-Kind training.

En as útsmiter ha wij ek noch in Europeeske kampioen yn ús fermidden, Geke de Boer is mei har maat earste wurden op it Europeesk Kampioenskip muorrekeatsen yn België, wêr’t sa’n sân lannen oan meidienen.

Al mei al in moaie list foar jong en âld, mei derby it fijne gefoel dat we wer stipe wurde troch in hiel soad bedriuwen út Wergea.

Neffens mij sil it keatsen de krisis wol oerlibje, it draait net allinnich om de sinten, it giet derom dat je mei in soad nocht en wille dwaande binne mei in sport dy’t foldwaning jout.

Frans Slaterus, april 2010

Sponsors

Een kaatsclub kan niet zonder sponsors. Alle adverteerders op deze website dragen KV ’t Oosten een warm hart toe. Zij ondersteunen de club in natura of met een geld bedrag. Namens alle kaatsers: hartelijk dank daarvoor!

Ook u kunt ons financieel steunen als donateur of als ballensponsor. Tijdens de dorpspartijen van de jeugd en senioren worden alle deelnemers en bezoekers benaderd om ballensponsor te worden van KV ’t Oosten. De sponsoring is altijd voor één jaar. Van dit geld worden ballen gekocht. Een leren kaatsbal kost minimaal €15,00. De kosten voor sponsoring zijn €15,00 (€ 10,00 in 2023). Als dank voor deze bijdrage komt de naam van de sponsor op het ballen-sponsorbord. Dit bord hangt in de sportkantine. Voor meer informatie vraag onze penningmeester Maurits Barents, Grote Buren 30, 06-22258966.