Fan de foarsitter 2016

Jaseker is der wer in Merkepartij!

En dan in echt keatsfestijn foar it hiele doarp op merke snein. Pearke keatse mei de sachte bal, elkenien fan 14 jier en âlder kin meidwaan. En meidwaan is belangriker as winne, de wille stiet foarop. Nei ôfrin mei syn allen nei de feesttinte en dêr ek de priisútrikking. We ha der no al nocht oan en mei de stipe dy’t wij ha fan in ploechje entûsjastelingen en de Merke Kommisje komt it wol goed.

It betsjut wol dat de Wouter T. Zwart Wisselbeker foar de kening fan de Heren 2e Klas en letter 1e Klas net mear útrikt wurde sil. Wouter T. Zwart wie de Beschermheer fan KV ‘t Oosten fan 1962 oant syn ferstjerren yn 1983. Neffens Zwart wie it beskermjen net nedich omdat “eltse Wergeaster himsels skoan beskermje kin”. Mar wol in wikselbeker mei in lange histoarje, dy’t nammen draacht lykas as Pyt Jetse Faber, Sake Saakstra, Tunno Schurer, Johannes Dijkstra en noch folle mear. En de lêste hat Erwin Zijlstra west.

De top fan it Fryske froulju’s keatsen komt dit jier wol nei Wergea, de KNKB Hoofdklasse Dames Vf mei 8 partoer. In grutte kâns dat ús Wergeaster Geke de Boer dêr ek bij is, kom mar sjen op snein 14 augustus. En ek de KNKB Welpen partij Jongens en Famkes is wer op de fjilden bij ús op snein 19 juny, dat moatte jimme echt meimeitsje, jeugd fan 8-9 jier dy’t de bal oer alles hinne fege. In pracht om te sjen.

De KNKB as organisaasje hat it dreech, is keatsen in topsport of mear in breedtesport? Oan de iene kant regels stelle foar wanten, wol as net skeef opslaan, marketing en reklame rigels, krekt echt. Oan de oare kant in soad jeugd en âlderen dy’t in moaie dei op it fjild ha wolle, net mear en net minder. Dus mei de sachte bal, in kippetjes partij mei mear as 200! partoeren, teatsen, muorrekeatsen en gean sa mar troch. It bestjoer fan de KNKB is yn elts gefal goed dwaande, de finânsjes binne op oarder, it bûnsburo is werom yn Frentsjer en der is in soad oerlis mei de keatsferieningen. It keats magazine Wis-In wurdt upgraden nei Keats!, alle leden krije it earste nûmer. Oh ja, Cornelis Terpstra mei syn wanten meitsje en ik ha heard dat er dochs wer keatse sil??

Yn Wergea giet de gearwurking mei VV Warga en de Teatsstichting poerbêst. Wol sille we mear oerlis ha moatte oer de takomst wat ynset fan al ús frijwilligers oanbelanget. It is dreech om bestjoers krêften te finen, mar folle wichtiger is it, dat je as feriening genôch stipe ha fan je frijwilligers. Fan âlders fan bern dy’t sporte mei best wol mear frege wurde om te helpen en it is ek noch hartstikke gesellich. Want sport is net allinnich prestaasje, it is ek ús mienskip. Yn Deinum ha se in Omni feriening starten mei keatsen, fuotbal, volleybal, gymnastyk en noch mear. 400 leden en ien bestjoer ûnder ien namme. Kin it dan dochs?

Yn it bestjoer fan KV ‘t Oosten dit jier ek wer in wikseling, Sjoukje Annema-Sinnema hâldt nei 14 jier op. Derfoar hat sij ek noch 10 jier yn it jeugd bestjoer sitten. Foar de feriening in grutte “aderlating” want Sjoukje is goed op de hichte mei it organisearjen fan meinammen alle jeugd partijen. Grut is ús tank hjirfoar en lokkich sille we har net hielendal misse, se bliuwt trainingen foar de jongerein fersoargjen. Foar Sjoukje yn it plak komt Lieuwkje Anema, sij komt út in foarneamd keats laach yn Reduzum, dus dat komt wol goed.
Wij ha der wer nocht yn, jimme komme dochs ek. En lit de Merkepartij in grut feest wurde sadat we fan in nije tradysje genietsje kinne.

Frans Slaterus
Foarsitter KV ’t Oosten – Wergea
Maart 2016