Fan de foarsitter 2019

De foarsitter hâldt der mei op:
“3 kaatseballen in een net”

Dy tekst út it Sinteklaas ferske fan mear as hûndert jier lyn jout oan dat it keatsen mei ballen al hiel lang dien wurdt. Mar ik sjoch gjin bern mear heine baljen, net op it skoalplein en ek hieltyd minder op it keatsfjild. De jongerein fan sa’n 15 jier ferlyn kamen al net mear in soad op it sportfjild, no sjogge we dat harren eigen bern ek net mear entûsjast makke wurde foar it keatsen. It aktyf keatsen giet hurd efterút yn Wergea en Fryslân.

Wergea bestiet yn 2022 600 jier en KV ‘t Oosten is dan 120 jier âld. Mar is de keats feriening der dan noch wol? Minder keatsers betsjut minder frijwilligers.

Is dit dan it ein fan de keats sport yn Wergea? Nee natuerlik net, mar der moat wol wat barre. We sille mei inoar ôfspraken meitsje moatte sadat we wer foarút sjen kinne.

Want we ha in geweldige Merkepartij mei in hiel soad dielname, by de jeugd partijen en trainingen is der in soad wille. Dit jier hat der ek wer skoallekeatsen west op de Twamester by de gymlessen fan groepen 3, 4 en 5 en dan komme der wer nije bern op it fjild dy’t keatse wolle. De gearwurking mei VV Warga en de Teatskommisje is poerbêst. En de KNKB hat tasein dat de breedtesport foar de kommende tiid in spearpunt wêze sil. Dat is heechnedich ek, want de top fan it keatsen wurdt hieltyd lytser, ek de bern en senioaren dy foar de wille keatsen wolle moatte in plakje ha by de KNKB. Ik hoopje wol dat de KNKB no ris echt trochpakt, want by it haadklasse keatsen komme minder taskôgers en dielnimmers en it oantal leden fan it bûn giet hurd efterút.

KV ‘t Oosten is net de iennige (sport) feriening dy’t it bestjoerlik dreech hat, we sille ynkoarten by inoar komme om te sjen of mear gearwurking, mooglik yn de foarm fan in omni feriening, ús as doarp Wergea helpe kin. BV Sport en ús eigen Perspektyf groep ha al tasein om ús te stypjen.

Dit jier binne der trije fan de fjouwer bestjoersleden stopt, Lieuwkje Anema sûnt 2015 yn it bestjoer en hat it wedstriid sekretariaat dien. Imkje Zwart sûnt 2016 as ponghâldster. En ik sels sûnt 2003 as foarsitter fan dizze moaie klup.

Adri Mud giet wol troch en lokkich hat Marieke de Ruiter yntusken de finansjes fan Imkje oernaam. Mar twa bestjoersleden is eins te min.

Der fan útgeande dat we as doarp Wergea pal stean foar de takomst fan KV ‘t Oosten, sis ik jimme allegearre tank foar 16 prachtige jierren op it keatsfjild en by it neisitten yn de kantine.

Frans Slaterus
Eks-Foarsitter KV ’t Oosten
Wergea
April 2019

P.S: dit jier ha we gjin programmaboekje mar stiet it komplete programma yn De Havensbank. Lokkich wer in soad sponsors foar de wedstriden, mar gjin adfertinsjes yn de boekjes. Hjirby noch hartstikke betanke oan elkenien dy’t de keatsferiening stipet as stipe hat.