Oerlibbet it keatsen de krisis?
As je allinnich de sinten sjogge, dan docht KV ’t Oosten it net sa min, we ha in aardich potsje opbout en dat sille we dit jier foar in part brûke foar nije telegrafen, nije krammen, nije ballen en ek sille we wol wat kosten hawwe oan it nije keatshok. Ek ha we wer in soad sponsors en advertearders foar ús partijen, ferlottingen en programma boekjes. De peaske-aaikes binne ek goed ferkocht, dat mei de sinten sit it no earst wol goed.
Dat kinne we net fan de KNKB sizze, dêr is ferline jier mei ferlies draait. As keats leafhawwer giet dat wol oan jo hert, want de KNKB is net in oare klup, dat is fan ús allegearre. Lokkich sitte der minsken yn it bestjoer en bij de direksje dy’t foar de folle 100% der mei dwaande binne om dat ferlies wer te feroarjen yn in stabile sûne finansjele situaasje. It kantoar ferhuzet nei It Fean ta, tsjinoer it Abe Lenstra stadion en der sil hiel bot gear wurke wurde mei de KNVB, persoanlik sjoch ik dit as in goed beslút want in grutte en sterke sportbûn helpt no de lytsere, sadat we wat romte krije yn de keatsorganisaasje om ek wer ris nei te tinken oer it keatsen sels.
De keatssport sit sa wie sa op in krúspunt fan mooglikheden: der komme noch hieltyd profesjonele teams bij, ús eigen Geke sit bygelyks bij Stichting Score yn trening, de spulregels wurde hieltyd noch oanpast sadat it keatsen in libbene sport bliuwt en der wurdt neitocht hoe no mear publyk bij it keatsen te krijen.
Jawis, it keatsen sit fol mei tradysje, mar alles hâlde sa as it wie is gjin opsje, want bij de senioaren komme steeds minder keatsers, wij moatte it fan de jeugd hawwe en der foar soarchje dat se nei harren 12e dizze sport noch beöefenje wolle. Dus oan de iene kant ynsette op spannende wedstriden yn de haadklassen bij de manlju en de froulju en derneist de jeugd safolle mooglik temjitte komme yn harren winsken troch bygelyks wat minder wedstriden yn it jier te dwaan.
Fierders soe ik graach it Federaasje systeem oer de kop helje wolle, dit is ferâldere organisaasje, yn elts gefal foar de federaasje wêr’t Wergea bij heart. It bestjoer derfan docht ferskuorrende har bêst om wedstriden te organisearjen, mar de senioaren-, de seal-, en betiden ek de ôfdielings partijen wurde net mear dien. Wergea moat dit jier in bestjoerslid oanleverje, mar nei in hiel soad minsken frege te hawwen, is der net ien dy’t dit noch dwaan wol. Ek binne der oare ferienings dy’t it organisearjen fan de partijen dreech fine. Wylst de jeugd dy’t meidocht oan de partijen der in hiele protte fan leart en ek in soad wille hat. Nee, wat mij oanbelanget sa gau as mooglik alles ûnderbringe bij de KNKB en dan kin je keatse op regio nivo (sa de federaasje no) en op provinsje nivo. En sa krij je ek bettere trochstreaming fan ûnder nei boppe ta en it keatsen krijt wer in profesjonelere oanpak.
Yn Wergea dit jier 5 jeugdleden partijen, 13 x de senioaren kompetysje op de tiisdei, de bekerpartij en de Doarpspartij foar senioaren, 1 x federaasje partij foar de jeugd, 4 x KNKB welpen partij (op ien dei!) en de Heren Senioren Vrije Formatie partij (De Merkepartij) op 1 augustus (dus foar de PC út dit jier). Fierders natuerlik foar de jeugd de trainingen, de clinic, it diplomakeatsen en de Ouder-Kind training.
En as útsmiter ha wij ek noch in Europeeske kampioen yn ús fermidden, Geke de Boer is mei har maat earste wurden op it Europeesk Kampioenskip muorrekeatsen yn België, wêr’t sa’n sân lannen oan meidienen.
Al mei al in moaie list foar jong en âld, mei derby it fijne gefoel dat we wer stipe wurde troch in hiel soad bedriuwen út Wergea.
Neffens mij sil it keatsen de krisis wol oerlibje, it draait net allinnich om de sinten, it giet derom dat je mei in soad nocht en wille dwaande binne mei in sport dy’t foldwaning jout.
Frans Slaterus, april 2010